Agenda

Planteferkeap HWM
Dinsdag, 23 April 2019, 18:00
Contact Ruerdtsje Kuperus (058 250 4097)

Tiisdei 23 april 2019 giet it wer oan: de planteferkeap fan de HoxWiersterMerk! Fan 18.00 oere ôf komme de frijwilligers wer by de doarren lâns foar de tradi- sjonele planteferkeap. Der binne geraniums te keap – net allinne hingjende mar ek steande geraniums – en fansels kinne jo ek kieze út allegear soarten beltsjeblommen (fuchsia’s). Alles yn de moaiste kleuren!  Ferline jier hat de ferkeap fan planten fan de HoxWiersterMerk krapoan € 1.600,- opsmiten. Dit jier sil de opbringst brûkt wurde om te sparjen foar nije gerdinen yn MFC Wjukken. Soene jo op 23 april de jûns net thús wêze, en jo wolle dochs graach planten keapje – jo hawwe fêst wol in pear aardige buorlju dy’t efkes wat foar jo regelje wolle!
HWM-kommisje,

Ruerdtsje Kuperus (058 250 4097)
Maaike de Groot  (058 254 2051)
Lys Scarse (058 250 1479)

Locatie : Mantgum